Sintraalbou

Fjouwer foarbylden fan sintraalbou: 1. Rotunda 2. Gryksk 3. Oktogoan of regelmjittige achthoeke 4. Klaverblêdfoarm (Trikonchos). 5. Foarbyld fan in bouwurk mei in aksiale oanlis (lingtebou).

In sintraalbou is in bouwurk dat yn syn gehiel op in middelpunt rjochte is. De foarm fan 'e plattegrûn kin rûn, krúsfoarmich, klaverblêdfoarmich, fjouwerkant of mearhoekich wêze. By in sintraalbou binne alle omlizzende boudielen op in sintraal punt oriïntearre. In sintraalbou kin ek omfieme wurde troch in gong mei in iepening nei kapellen of oare romten.

Mei in sintraalbou wurdt alle omtinken nei it sintrale punt fan it bouwurk lutsen. It bouwurk mei in dúdlike middenas (lykas by in basilyk) wurdt in lingtebou neamd.

De term sintraalbou kin as arsjitektoanyske term tapast wurde op gebouwen mei alle funksjes, mar wurdt yn 'e regel allinne brûkt by de tsjerkebou (of oare religieuze gebouwen lykas moskeeën of synagoges). Mausolea (lykas de Taj Mahal yn Agra, Yndia) of kapittelsealen (lykas by de katedraal fan Lincoln) binne tuskenfoarmen fan wijde gebouwen nei sekuliere arsjitektuer, wêryn ek sintraalbou tapast waard.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search